Minste auto-ynbraken L'diel

Minste auto-ynbraken yn Littenseradiel
De gemeente Littenseradiel is de gemeente mei de minste auto-ynbraken fan Nederlân. Dat docht bliken út in misdiedmjitting fan it Algemeen Dagblad. De krante hat alle kriminaliteitsifers fan de plysje sammele en sneon publisearre.
In oar opfallend feit it dat Wûnseradiel de minste wenningynbraken fan it lân hat. Fan alle Fryske gemeenten is Dantumadiel de meast feilige. Lanlik binne der mar trije gemeenten feiliger.