Beatrix ûntbleatet keunstwurk

06 jun 2009 - 16:38
  • Keninginne Beatrix knipt it lint troch
  • It byld fan Ids Willemsma

Keninginne Beatrix hat freed in keunstwurk fan Ids Willemsma út Easterwierrum ûntbleate. It keunstwurk is in monumint foar de binnenskipperij. It stiet op it eardere eilân Skoklân.

De keninklike Schuttevaer, de belangebehertiger fan de beropsbinnenfeart bestiet dit jier 160 jier. It monumint fan Willemsma is 6,5 meter heech en 8,5 ton swier. De foarm docht tinken oan in skipsromp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)