Priis foar koar Onder Anderen

06 jun 2009 - 16:32

Homokoar Onder Anderen is dit jier de winner fan it 'rôze pompeblêd'. Dizze priis wurdt útrikt oan minsken of organisaasjes dy't har ynsette foar de emansipaasje fan homo's yn Fryslân. Onder Anderen treedt rûnom op en draacht dêrby it tema homoseksualiteit mei in kwinkslach út, neffens de sjuery.

It koar is yn 1986 oprjochte en bestiet út fyftjin sjongers. It rôze pompeblêd wurdt foar de achtste kear útrikt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)