Tsjûgen socht fan fernielings

06 jun 2009 - 13:08

De plysje fan Easterwâlde siket tsjûgen fan de fernielings dy't yn de nacht fan woansdei op tongersdei yn Appelskea en Easterwâlde dien binne. Der binne ruten fan huzen en auto's ynslein en túntsjes fernield.

Yn beide doarpen wurdt wolris faker wat fernield, mar net op dizze skaal. Fertochten binne der noch net. Wol tweintich dupearren dy't oanjefte dien ha. De plysje freget tsjûgen har te melden en dat kin ek anonym op telefoannûmer: 0800 - 7000.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)