Guus Meeuwis yn it Frysk

06 jun 2009 - 12:21
  • Guus Meeuwis yn it stadion
  • In soad publyk...

Se moasten der lang foar yn de file stean, mar se fûnen it de muoite wurdich. Sa'n 25.000 minsken ha freed by it konsert fan Guus Meeuwis op It Hearrenfean west. Yn in hast útferkocht Abe Lenstrastadion song de Brabanner al syn hits.

Hichtepunt wie de Fryske ferzje fan it nûmer wêrmei't Guus Meeuwis yn 1995 trochbruts: 'Het is een nacht'. Sneontejûn treedt de sjonger nochris op yn it Abe Lenstrastadion.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)