Brân kantine De Waaie St. Anne

06 jun 2009 - 10:00

Yn Sint Anne is fannacht de kantine fan sportkompleks De Waaie útbaarnd. Neist de materiële skea is der ek in soad emosjonele skea, omdat de prizekasten fan de keats- en fuotbalferiening ferlern gien binne. Yn de kasten sieten prizen fan 100 jier sporthistoarje. De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak.

De plande keatspartij foar froulju haadklasse fan moarn wurdt no keatst yn Sint Jabik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)