Helmholt net te ferslaan

Bart Helmholt (foto: Martin de Jong)
Fierljepper Bart Helmholt liket dit seizoen hast net te ferslaan. Mei in sprong fan 19,92 meter wie hy freedtejûn yn Gryptsjerk wer de bêste. Allinnich Oane Galama kaam yn de buert mei 19,19 meter. Fan de seis wedstriden hat Helmholt der no fiif wûn.
Junior Jacob Scherjon rekke blessearre mar ljepte wol in skânsrekôr mei 18.52 meter. Anna Jet Leyenaar wûn by de froulju. Albert-Jan Venema wûn by de jonges mei in PR fan 17,17 meter.