Pieter Weening yn Tourseleksje

Pieter Weening
Hurdfytser Pieter Weening is troch ploechlieder Erik Breukink opnommen yn de seleksje foar de Tour de France. Breukink hat earst tolve man oanwiisd, trije sille de kommende tiid ôffalle.
Pieter Weening soe mei syn ploech fan de Rabobank de Ronde fan Italië riden ha, mar troch in blessuere oan it sitflak gong dat net troch. Hy hat no krekt trije wike training op hichte yn Spanje derop sitten en is fit. Op 13 juny begjint Pieter oan de Ronde fan Switserlân. Dy duorret njoggen dagen.