Snelrjocht foar relskoppers

05 jun 2009 - 16:26
  • Alve relskoppers moatte nije wike al foar de rjochter ferskine

Alve fertochten fan de rellen nei ôfrin fan Cambuur-Roda JC fan ôfrûne woansdei moatte freed 12 juny op in spesjale snelrjochtsitting ferskine. Dat hat it Iepenbier Ministearje freed bekendmakke.

De plysje hat yn 'e nacht fan 3 op 4 juny 13 minsken oanhâlden foar ûnder oare swiere mishanneling. Der waard mei stiennen goaid en njoggentjin plysjeminsken rekken ferwûne. Foar twa minsken jildt dat sy net op de snelrjochtsitting hoege te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)