Grut ûndersyk nei bijestjerte

05 jun 2009 - 15:13

Op de Waadeilannen wurdt op it stuit in belangryk Europeesk ûndersyk dien nei de grutte stjerte ûnder bijen. Neidat ferline jier op in soad plakken bijefolken útstoaren, liket it no yn Fryslân wer goed te gean. Mar neffens ûndersikers is dat mar tydlik. De bijen wurde ûndersocht op firussen en parasiten.

Fan elk bijefolk wurdt in tal bisten op alkohol setten of ynferzen op -80 graden. Sûnt 2000 komt de stjerte ûnder bijen hieltyd faker foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)