SC H'fean wol mear konserten

As de twa konserten fan Guus Meeuwis freed en sneon goed foldogge, komme der mooglik mear optredens yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean.
Dat seit kommersjeel direkteur Jan van Erve fan SC Hearrenfean. It is freed de hiele dei in drokte fan komsa by it stadion. Freedtejûn begjint de Brabânske sjonger mei syn earste stadionkonsert yn Fryslân en oant dy tiid is it Abe Lenstrastadion folslein ôfsletten, sels foar meiwurkers fan SC Hearrenfean.