Modellejacht yn Ljouwert

05 jun 2009 - 14:26

Stappe der yn Fryslân noch mear topmodellen as Doutzen Kroes om? In Amsterdamsk modelleburo wie freed yn Ljouwert op jacht nei moaie Friezinnen.

Buro House of Orange út Amsterdam leveret modellen oan moadeblêden. Op in reade loper op it Ljouwerter stasjon waard freed in saneamde modelhunt hâlden foar nije gesichten. Modellen dy't troch de seleksje komme kinne meidwaan oan de Fashionwike dy't yn july yn Amsterdam plakfynt en mooglik ek in modellekontrakt krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)