Plan foar ekodoarp by Ljouwert

05 jun 2009 - 12:14

Yn de buert fan Ljouwert komt it alderearste ekodoarp fan Nederlân mei huzen dy't sels enerzjy opwekke, har smoargens ferwurkje en mei romte om iten te ferbouwen. It giet om it gebiet tusken Ljouwert, Marsum, Weidum en Wytgaard. De huzen wurde makke fan natuerlike materialen as hout en reid.

Der binne al tsien bewenners, dêr moatte noch fyftjin bysocht wurde. Fan 'e kant fan de gemeenten en de provinsje is entûsjast reagearre. Oer twa jier moat de bou begjinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)