PVV tredde partij fan Fryslân

05 jun 2009 - 12:09

De PVV is nei CDA en PvdA de tredde partij fan Fryslân wurden. De partij helle tongersdei by de ferkiezings foar it Europeesk parlemint 11,8 persint fan de stimmen. De PvdA krige de hurdste klappen. Yn Dantumadiel en Harns krige de partij mar de helte fan it tal stimmen dat se krigen by de foarige ferkiezings foar Europa.

De PVV is dus de grutte winner. Op Skylge en yn Harns krige de partij 15 persint fan de stimmen. Yn Weststellingwerf en Lemsterlân hast 17.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)