Gaslek op Foarstreek Ljouwert

05 jun 2009 - 12:07

Oan de Foarstreek yn de Ljouwerter binnenstêd is yn de rin fan freedtemoarn in gaslek by ien fan de wenten ûntdutsen. De strjitte is yn ferbân dêrmei even ôfset troch de plysje en de brânwacht. De winkels yn de buert fan it lek moasten tydlik ek even de doarren slute.

De melding kaam om tsien foar tolven by de brânwacht binnen. It gasbedriuw is warskôge. Justjes letter waard dúdlik dat it risiko bot tafoel. De Foarstreek is dêrom wer iepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)