Frysk Iona-lieteboek oanbean

© Omrop Fryslân
De populêre kristlike lieten fan Iona binne oerset yn it Frysk en útbrocht yn in spesjaal lieteboek. De lieten binne ôfkomstich fan it Skotske eilân Iona. Fan dêrút waard yn de midsieuwen it kristlike leauwe ferspraat oer Noardwest-Europa. De lieten binne krekt wat minder âld. De earsten komme út de jieren '30 fan de foarige ieu.
De learlingen fan de kristlike Pabo fan Stenden University yn Ljouwert krigen freedtemoarn it earste eksimplaar fan it Iona-lieteboek.