Snits: brânstifters oanhâlden

05 jun 2009 - 10:37

Yn Snits hat de plysje freed twa jonges fan 17 en 18 jier oanhâlden foar brânstifting. De twa waarden troch in tsjûge sjoen yn 'e steech tusken Singel en Grutsân. Se wiene dwaande in fyts yn 'e brân te stekken. De tsjûge belle de plysje en spruts de twa manlju oan op har gedrach. Dat wie foar har reden út te naaien.

De tsjûge folge de twa en hat se fêstholden oant de plysje der wie. De fandalen binne meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)