Scooterrider ûnderút

05 jun 2009 - 09:58

In 17-jierrige scooterrider fan Dokkum is tongersdeitejûn licht ferwûne rekke by in oanriding by Mitselwier. De jonge kaam mei syn scooter fan Moarra ôf oer de Hearrenwei en naam dêr tefolle de binnenbocht. In automobilist dy't him temjitte kaam koe de jonge net mear ûntwike.

De scooterrider is op it plak fan it ûngelok troch meiwurkers fan 'e sikeauto ûndersocht om't er lêst hie fan syn skonk. De bestjoerder fan 'e auto is mei de skrik frijkaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)