Jacobi: klap komt hurd oan

Lutz Jacobi by in ludyk boereprotest
It ferlies fan de PvdA by de Europeeske ferkiezings fan tongersdei komt as in grutte klap. Dat seit Twadde-Keamerlid Lutz Jacobi fan Wergea. Sy makket har soargen oer de gemeenteriedsferkiezings fan 2010.
No hat de partij yn in soad gemeenten noch wethâlders. De PVV helle yn alle Fryske gemeenten sawat 10 % of mear fan de stimmen. Twadde-Keamerlid Sietse Fritsma tinkt dat soks sjoen wurde moat as in stim tsjin it hjoeddeistige kabinet fan CDA en PvdA.