Earste Fryske útslaggen

04 jun 2009 - 22:18

Skiermûntseach en Skylge binne de earste Fryske gemeenten mei in útslach fan de ferkiezings foar it Europeesk Parlemint. Op beide Waadeilannen is de PVV fan Geert Wilders de grutte winner.

Op Skylge helle de PVV 15,3 persint fan de stimmen. De PvdA bliuwt dêr wol de grutste partij, mar ferliest flink. Op Skiermûntseach helle de PVV 8,2 persint fan de stimmen. It CDA is dêr de grutste partij, mar moat ek ynleverje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)