Mear TBC-gefallen Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Yn Hearrenfean binne nochris sechtjin minsken besmet mei TBC. It giet om kollega's fan in ynwenner fan It Hearrenfean. By him waard heal maaie in besmetlike TBC-foarm fêststeld. De minsken wurde behannele mei medisinen. De soan fan de man is ek besmet. Op syn skoalle is yntusken ûndersyk dien. Dêr binne noch gjin besmettingen fûn.
Oer in pear moanne folget in nij ûndersyk. Dan moat definityf dúdlik wurde oft der mear TBC-besmettingen binne.