Gearwurking laboratoaria

© Omrop Fryslân
De medyske laboratoaria fan de sikehuzen yn Drachten, Snits en Emmeloard sille nau meielkoar gearwurkje. Dat ha de direksjes ôfpraat. De gearwurking is bedoeld om de posysje fan de laboratoaria te fersterkjen en om de kwaliteit en kontinuïteit te garandearen.
Troch meielkoar op te lûken kinne se better ynspylje op de groeiende fraach. Fierder kinne se de tsjinstferliening nei medysk spesjalisten en húsdokters ferbetterje.