Europa stipet Fryske projekten

04 jun 2009 - 16:53

De opkomst fan de Europeeske ferkiezings is net sa heech. De measte minsken sizze net folle fan Europa te fernimmen, mar in soad projekten krije stipe út Brussel.

Sa is it kennissintrum Jachtbouw yn Ljouwert, ûnderdiel fan de NHL foar grut part opset mei jild út Europa. Der wurdt wurke oan ynnovaasjes foar rekreaasjeboaten, lykas de elektryske boaten. Ek it nije bedriuweterrein Azeven Noord yn Drachten krijt trije miljoen Europeeske subsydzje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)