Gjin hege opkomst stimburo's

04 jun 2009 - 15:57

De opkomst foar de Europeeske ferkiezings liket net al te heech. De ferwachting is dat 35 prosint fan de kiezers stimd hat. Dat is ferlykber mei fjouwer jier lyn. Op It Hearrenfean wie in mobyl stimburo. Minsken koene yn in frachtwein stimme.

Foar Rendert Algra fan Jobbegea is it spannend. Hy is de earste kandidaat om yn de Twadde Keamer te kommen op it plak fan Wim van de Camp, dy't oerstapt nei it Europeesk Parlemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)