Ynfopylder op begraafplak
Besikers fan it Noarderbegraafplak en it Huzumerbegraafplak yn Ljouwert kinne tenei gebrûk meitsje fan in digitale ynformaasjepylder. Dêrmei kin in grêf opsocht wurde en in rûtekaartsje printe wurde. Sa kinne besikers in bepaald grêf maklik fine.
De pylder is mei mooglik makke troch it digitale loket Ljouwert.