Foppe de Haan yn it ûnderwiis

04 jun 2009 - 15:02
  • Foppe de Haan soe rolmodel wêze moatte foar it ûnderwiis

Foppe de Haan moat ûnderwizers leare dat se net akseptearje moatte dat bern min presteare op skoalle. De fuotbaltrainer soe masterclasses hâlde moatte foar leararen en bestjoerders yn it ûnderwiis.

Dat fynt Twadde Keamerlid Staf Depla fan de PvdA. Hy hat dit sein yn in debat mei steatsiktaris Dijksma fan ûnderwiis. Neffens Depla kin Foppe de Haan in goed rolmodel wêze. Sa soe wat dien wurde moatte oan it relatyf hege tal swakke skoallen yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)