Pranjic nei Bayern München

04 jun 2009 - 14:54

SC Hearrenfeanmiddenfjilder Danijel Pranjic giet sa goed as wis nei Bayern München. De Dútske topklup is persoanlik akkoart mei de Kroaat. Dat stiet op de webside fan München. As beide clubs it iens wurde, tekenet Pranjic in kontrakt foar trije jier. De transfer soe de Fryske klup mooglik sa'n 10 miljoen euro opsmite.

Pranjic hat by SC Hearrenfean noch in kontrakt foar in jier en wol graach nei in topklup. Direkteur Yme Kuiper wol noch net op de transfer reagearje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)