Crone wol skea ferhelje

04 jun 2009 - 14:08
  • Crone wol skea op dieders ferhelje

Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert wol de skea dy't ûntstien is by de rellen nei de wedstryd Cambuur - Roda JC ferhelje op de dieders. Cambuur spile woansdei om promoasje nei de earedivyzje, mar ferlear dy wedstryd.

Nei ôfrin brutsen der rellen út, wêrby't mei stiennen smiten waard. Dêrtroch rûnen ûnder oare 70 auto's skea op en ek in tal ruten giene stikken. De plysje hat yntusken 13 relskoppers oppakt, mar docht noch fierder ûndersyk nei de rellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)