Direkteur provinsje stapt op

04 jun 2009 - 12:50
  • Jan Wibier sil nei in advysburo

De algemien direkteur fan de provinsje, Jan Wibier, stapt op. Hy sil nei advysburo Boer & Croon. Sa gau mooglik wolle DS in ynterim-direkteur oanstelle. Begjin takom jier moat der in nije algemien direkteur wêze. Wibier is oant septimber haad fan de provinsjale organisaasje.

Wibier krege twa jier lyn foarse krityk op syn hanneljen by de oanbesteging fan de nijbou fan it provinsjehûs. Neffens in útlekte brief soe er oan 'vriendjespolityk' dien ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)