Drachtsters sûnder rydbewiis

© Omrop Fryslân
De plysje hat woansdei de rydbewizen ynnaam fan twa manlju (20) út Drachten. In plysjeman seach hoe't by It Hearrenfean twa auto's mei hege snelheid de A32 oprieden nei Ljouwert.
De beide sjauffeurs rieden fierstente hurd en hellen ek gefaarlik yn. By de ôfslach Drachten rieden se de A7 op, wêrnei't se op 'e nij fol gas joegen. De manlju rieden hast 190 kilometer yn de oere. Se krigen in stopteken. Dêrnei moasten de bestjoerders it rydbewiis ynleverje.