CU wol fûns skjinne enerzjy

04 jun 2009 - 09:39

De ChristenUnie wol dat de provinsje mei in ynvestearringsfûns komt foar skjinne enerzjy. Mei it fûns soe de produksje fan duorsume enerzjy befoardere wurde moatte. It enerzjyferbrûk moat minder wurde. Yn it fûns soe in miljoen euro stoart wurde moatte.

De provinsje soe in diel fan de opbringst fan de ferkeap fan de NUON-oandielen foar it fûns brûke moatte. De ChristenUnie wol ek dat bedriuwen en boargers oan it fûns meidwaan kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)