Start Europeeske ferkiezings

Tongersdei kin stimd wurde foar Europa
Om healwei achten binne tongersdei ek yn Fryslân de stimburo's foar de Europeeske ferkiezings iepen gien. Oant 21.00 oere kin in stim foar it Europeesk Parlemint útbrocht wurde. Bysûnder dit kear is dat oeral stimd wurde moat mei it reade potlead. Dat wurdt dien om't der twifels binne oer de befeiliging fan de kompjûters.
Gefolch is wol dat de útslach folle letter bekend wurde sil. Dizze wurkwize freget ek mear fan de minsken fan de stimburo's.