Kamera's Tresoar wurkje net

03 jun 2009 - 17:22

De aktiviteiten op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert fanwege de wedstryd fan Cambuur tsjin Roda JC kinne net folge wurde fia de webcams fan Tresoar.

It histoarysk sintrum hat op syn gebou twa kamera's stean, dy't it Aldehoustertsjerkhôf sjen litte. Der is woansdei lykwols al safolle gebrûk fan makke, dat dy oerbelêste rekke binne. It slagget Tresoar net de kamera's op tiid te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)