B'him freget artikel 12 status

Boarnsterhim rêdt it allinnich net
Boarnsterhim freget stipe fan it Ryk om út de hieltyd grutter wurdende finansjele problemen te kommen. Dat stiet yn de maitiidsnota dy't woansdei troch it nije kolleezje fan B en W nei bûten brocht is. Mei de oanfraach fan in saneamde artikel 12 status kin de earme gemeente ûnder strange betinksten jild krije út Den Haach.
Boargemaster Baas makke ek bekend dat Boarnsterhim besiket in 20 amtlike fakatueres op te follen. Tydlik ynhierd persoaniel hoecht dan net mear.