Besunigings op feilichheid

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert kin mooglik de kommende jierren tonnen euro's minder útjaan oan de feiligens yn de stêd. De besunigings kinne wol oprinne oant in heal miljoen jiers. Dat komt troch wizigings yn it ryksbelied foar de grutte stêden.
It Ryk wol besunigje, mar it jild foar feiligens wurdt ek oars ferdield. Dat soe bestjutte dat Ljouwert flink besunigje moat op previntyf wurk en de oanpak fan kriminaliteit. Boargemaster Ferd Crone fynt dat ûnakseptabel.