Tal muskusrotten bliuwt gelyk

Muskusrottefangers hawwe wurk genôch
De muskusrottebestriders fan Wetterskip Fryslân hawwe ferline jier 28.000 rotten fongen. It oantal is stabyl bleaun yn fergeliking mei foargeande jierren. Om âldere muskusrottebestriders it wurk makliker te meitsjen binne ferline jier seis ekstra bestriders yn tsjinst naam.
Dochs is de ynset noch net genôch om de populaasje rotten foldwaande werom te bringen. It Wetterskip sil dit jer ûndersyk dwaan nei oare metoaden om de rotten te fangen.