Helmholt wint op It Heidenskip

02 jun 2009 - 23:47
  • Anna Jet Leyenaar wint by de froulju (foto Martin de Jong)

Bart Helmholt hat tiisdeitejûn op It Heidenskip de fiifde fierljepwedstriid wûn mei 19,60 meter. Dat wie krekt like fier as de fierste sprong fan Oane Galama fan It Heidenskip.

De twadde bêste ôfstân fan de jûn is dan beslissend. Dêryn wie Helmholt mei 19,34 meter krekt 12 sintimeter fierder as Galama. By de froulju wûn Anna Jet Leyenaar fan Snits mei 15,44 meter en dat is de tredde ôfstân dy't ea troch in frou sprongen is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)