Priisfraach foar ûntwerp slûs

© Omrop Fryslân
De provinsje skriuwt in priisfraach út foar it ûntwerp fan de nije slûs by Starum. Dy slûs hat te min kapasiteit en moat feiliger makke wurde foar de grutte oantallen wettersporters en beropsskippers dy't der gebrûk fan meitsje.
It provinsjebestjoer hopet op nije ideeën en ynnovative oplossingen fan bouwers foar de knipepunten by de slûs. Belangrike eask oan de ûntwerpen is dat se duorsum, ekologysk ferantwurde en klimaatbestindich binne.