Epke Zonderland: gjin NK

Skuorde ankelbân hâldt Epke oan 'e kant (foto: Martin de Jong)
Turner Epke Zonderland kin yn it wykein fan 20 en 21 juny net meidwaan oan it Nederlânsk kampioenskip yn Rotterdam. Zonderland, dy't it ôfrûne wykein noch goud wûn op in wrâldbekerwedstriid oan 'e rekstôk yn Moskou, rûn pinkstermoandei mei in flieroefening in skuorde ankelbân op.
It rjochter ankel moat no earst fjirtjin dagen yn it gips, dêrnei kin de revalidaasje begjinne. Zonderland tinkt net dat de blessuere syn tarieding op it WK yn oktober fersteurd.