Besunigings yn Dongeradiel

© Omrop Fryslân
Dongeradiel moat elk jier 1,5 miljoen euro besunigje en de OZB giet twa jier mei 20% en ien jier mei 16% omheech. Dat stiet yn de maaitiidsnota fan Dongeradiel. It jild is nedich omdat de gemeente ûnder mear foar miljoenen oan ûnderhâld ynhelje moat. Der binne ek noch in tal grutte ynvestearings lykas in nije sporthal yn Dokkum.
Der is ek romte foar nij belied, der is 700.000 tûzen euro stutsen yn de útwreiding fan bedriuweterrein Betterwird en in westlike rûnwei.