Helikopter delstoart by Ballum

De ynsittenden hiene allinnich in pear skrammen (foto Persbureau Ameland)
Op it fleanfjild Ballum op It Amelân is tiisdei om 13.30 oere in helikopter delstoarten. De helikopter kaam oanfleanen om te lânjen doe't de wyn ynienen opstuts. Dêrtroch kantele it tastel en kaam it op 'e sydkant op 'e grûn telâne. Yn de hely sieten twa minsken. Omdat de helikopter mar in pear meter boppe de grûn wie, rekken sy allinnich licht ferwûne.
Neffens in wurdfierder fan it fleanfjild hat de helikopterpiloat alle prosedueres keurich folge.