Ter Heide lit training sjitte

02 jun 2009 - 12:24

SC_Cambuuroanfaller Ruud ter Heide hat de lêste training foar de beslissingswedstriid tsjin Roda_JC sjitte litten. Neffens Menzo is dat út foarsoarch en kin er woansdeitejûn wol spylje. Koen Brack en Jeffrey de Visscher binne skorst. Brack hie hoe dan ek net spylje kind fanwege in blessuere.

Brack wurdt nei alle gedachten ferfongen troch Sander Fischer, Rachid el Khalifi is de meast logyske ferfanger fan De Visscher.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)