Fûgels dupe kokkelfiskerij

02 jun 2009 - 11:53

It is no wittenskiplik oantoand dat de meganyske kokkelfiskerij yn de Waadsee fan grutte ynfloed west hat op it oantal fûgels. Dizze fiskerij is no ferbean, mar hat jierren skea dien.

De ekologyske effekten fan de kokkelfiskerij tusken 1996 en 2005 binne besjoen en bliken docht dat it tal mientsen - of kanoeten sa't se yn it Hollânsk hjitte - yn dy perioade mei mear as 40 prosint ôfnommen is. Dizze steltrinners binne bot ôfhinklik fan platen op Waad mei genôch skulpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)