Fernijing brânwacht Ferwert

02 jun 2009 - 11:42

De brânwacht fan Ferwerderadiel krijt twa nije systemen. It giet om in waarmtebyldkamera en in mobyl kompjûtersysteem dêr't helpferlieners binnen in pear sekonden ynformaasje mei krije kinne oer in auto.

Wannear't bygelyks de brânwacht op in plak fan in oanriding mei beknelling it kenteken fan de bewuste auto yntypt, ferskynt der allegear technyske ynformaasje oer de auto. De rêdingsaksje kin dêrmei feiliger útfierd wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)