Cambuur-Roda JC útferkocht

02 jun 2009 - 11:38

De 6000 kaarten dy't noch beskikber wiene foar de wedstryd fan woansdei tusken Cambuur en Roda JC binne útferkocht. De ferkeap begûn tiisdeitemoarn om 9.00 oere en in oere letter wiene alle kaarten fuort.

It giet om kaarten dy't oerbleaun wiene neidat moandei de seizoenkaarthâlders de kâns hiene om kaarten te keapjen. Cambuur en Roda JC spylje woansdei yn Ljouwert de beslissende wedstryd foar promoasje nei de earedivyzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)