KNRM Hylpen fart sân kear út

De KNRM yn aksje
De KNRM-rêders fan Hylpen moasten it ôfrûne Pinksterwykein sân kear yn aksje komme. Dêrmei wie it KNRM-rêdingsstasjon it drokste fan Nederlân. Mei-elkoar moasten de rêdingsboaten fan alle KNRM-stasjons yn Nederlân 71 kear fan wâl stekke.
Yn de measte gefallen moasten se boatsjefarders helpe dy't yn de problemen kommen wiene troch motor- of stjoerproblemen. Fierders wiene ek surfers yn swierrichheden kommen.