Jild foar mantelsoargers

© Omrop Fryslân
De gemeente Wûnseradiel hat fan it ministearje fan VWS jild krigen foar it stypjen fan mantelsoargers. Minsken dy't yn 2008 of 2009 mear as trije moanne en gemiddeld mear as acht oeren wyks foar in neiste soarge hawwe, kinne 150 euro krije fan 'e gemeente.
De mantelsoarger kin dat sels oanfreegje, mar oaren kinne dat ek dwaan. Mantelsoargers dy't earder jild krigen hawwe fan de Sociale Verzekeringsbank, komme net yn de beneaming foar it jild.