Nije opset foar natoerbehear

© Omrop Fryslân
De provinsje sil mear stjoering jaan oan natoerbehear. Dat stiet yn in nij konsept-natoerbehearsubsydzje. Om subsydzje te krijen moatte boeren en natoerbehearders foldwaan oan bepaalde wizen fan behear. De provinsje jout per gebiet oan hoe't dat dien wurde moat. Fan 1 jannewaris 2010 ôf sil de provinsje dan ek beoardielje op de wize fan behear en net mear op de resultaten. It foarstel kin fan hjoed ôf ynsjoen wurde yn it Provinsjehús.