Rekôroantal rint maraton

© Omrop Fryslân
De maraton fan Ljouwert hat dit jier in rekôrtal dielnimmers. Hast 3700 yndividuele rinners en fyftich bedriuwsteams hawwe har ynskreaun foar de tredde edysje fan de maraton fan Ljouwert. Dat is 35 prosint mear as ferline jier.
De maraton wurdt no snein holden. Minsken kinne de folsleine maraton dwaan, mar ek 21, 10, 5 of ien kilometer. Dy lêste ôfstân is spesjaal foar bern.