Dronken: rydbewiis ynleverje

01 jun 2009 - 17:12

By in alkoholkontrôle op de A32 by it Drintse Darp moast in 51-jierrige automobilist fan It Hearrenfean snein syn rydbewiis ynleverje. De man hie tefolle dronken. Fierders die bliken dat er ek noch foar 700 euro oan boetes iepenstean hie. Dat bedrach hat de man fuortendaliks oan 'e plysje betelle.

De freondinne fan 'e man fan It Hearrenfean hat ek noch oanjefte dien fan mishanneling. Se seit dat se yn it gesicht slein is troch de man.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)